Musykteater: ‘De Kening te Ryk’
Yn de iepenloft

It Ferhaal
Yn it doarp Doadekerken(de âlde namme fan Nijlân) is it eins in saaie boel. De bernboartsje bûten, de frouljuhingje de wask oan de line, it korps spilet yn it doarpshûs en de âldelju sitte op in bankje te eameljen. It is eins in gewoane dei, mar dat feroaret ynienen as der in lakei om ‘e hoeke komt en oankundiget dat de Kening ynkoarten op besitekomme sil. Hy silde nij oanleine trambaan iepenje.
Dan moatte de doarps bewenners yn aksje komme. In keninklike ûntfangst mei in defile, kado’s foar de kening moatte regele wurde. De âldelju geane rap oan de slach, mar hat elkenien der wol sin oan en tiid foar? Der binne nammentlik wat oare saken dy’t de nedige oandacht opeaskje. Der is in nije ynwenner yn it doarp kommen, de eigener fan de kroech hat syn eigen problemen, der wurde parren fan de beammen stellen, de froulju fan it doarp ha harren nocht en binne wat obstenaaten dan komt der eknoch in kikkert foarby…
It oars sa rêstige doarpstiet ynienen bol fan de hektyk. Sille se harren op tiid tariede kinne foar de besite fan de Kening, wat moat dy nuvere man dochs yn it
doarp, hâld de eigener fan de kroech syn holle boppe wetter, komme we efter de wiere aard fan de kikkert en komt de optocht foar de kening wol op tiid klear?
Jimme sille der efter komme yn it muzikale teäterstik ‘De Kening te Ryk’